Openlucht dienst gezamenlijke kerken Noordbergum in samenweking met Brassband Bernleff Voorganger(s): Ds. W. Feenstra uit Twijzelerheide onze eigen predikant
Iepenlofttsjinst
Snein 15 septimber 2024 10.00 “Sizzen is neat, mar dwaan is in ding…”
Bernlef spilet foar de tsjinst
Lit, wat by âlds wenst wie en wize,
ús ek de Hear hjir hulde jaan!
Elk sil no God lof bringe en prize,
want Hy woe grutte dieden dwaan.
Kom rop oeral mei stimme en skal:
De tank om dit ús lot
komt nimmen ta as God!
Sjonge Gesang 415: 1 en 2
Klink no ús liet fleurich fan tonge
rûzje no 't spylark bliid dêrta!
Wol no rûnom sizze en sjonge
dat jim fan herten wille ha.
Sprek fan Gods ear en sjong de Hear,
dy't sok in heil en ljocht
no oer syn tsjerke brocht.
Wurd fan wolkom en meidielings
Sjonge Psalm 119: 4 en 27
Bemoediging en groetnis
Gebed
O, wol 't ferstean!
Jo lit gjin bidler gean;
Jo hearre yn ingletongen
ferloste sunders sjongen:
o, wol 't ferstean.
Sjonge Gesang 452: 1
Ferlosser, Freon, o wille en winsk
fan dy't Jo kenne, nim it liet
dat Jo yn 't stof in stjerling biedt,
de lofsang fan in sûndich minsk.
In sûnder, in ferloste, o Hear,
en no gjin sûnder mear.
Muzikaal intermezzo troch Bernlef
Skriftlêzing: Deuteronomium 30: 11 o/m 16
Sjonge: Gesang 7
1 It wurd dat jim ta libben brocht
hoecht net te djip, te heech net socht
foar minsken, dreech om 't oan te nimmen;
it is in teken yn jim hân,
en yn jim each in ljochte brân,
't ropt dei oan dei mei kleare stimme.
3 Ast nei de hege himel sjochst,
hoe fier datsto ek sykje mochtst,
der komt gjin antwurd út 'e sfearen.
It stiet net yn 'e stjerren skreaun -
allinne in geast, fan Gods Geast dreaun,
wit: Hy hat macht ús te bekearen.
2 It is oan de oare side net.
Wat seisto dan: „Ik ha ferlet
om oaséanen oer te stekken;
wa bringt út fiere streken wei
foar my de djippe wysheid mei?
Wa wit it riedsel út te sprekken?"
4 't Wurd fan syn rjocht en trouferbûn,
it is dij yn 'e mûle jûn,
Hy woe it dij yn 't herte skriuwe.
Dêr klinkt de kleare stim fan God,
de treast en tucht fan syn gebod,
dy wolle dij ta 't libben driuwe.
Skriftlêzing: Jakobus 2: 14 o/m 20
1 Jo hillich wurd, o Heare,
giet hiel myn libben mei
en sil my stjerren leare
oant op myn lêste dei.
Jo wurd, yn toarre streken
it brea foar myn ferlet,
stiet as in died en teken
te brânen yn myn hert.
Sjonge: Gesang 341: 1 en 2
2 Ik haw it ja-wurd sprutsen.
Hjir kaam ik op Jo ta.
Jou, dat ik ûnferbrutsen
by Jo myn kommen ha.
Och, dat oan dwaan en sizzen
jo wurd syn segel hong,
om ider út te lizzen,
wat God yn my begong.
Oertinking
God ropt ús, minsken, ta de die,
Hy wachtet, bliuw net stean.
Kom mei, wês ree om eltse wei
dy't Hy ús wiist, te gean.
Wy witte dat, wat komme mei,
dochs God it fjild behâldt
en dat, wa't alles weagje doar,
it fjoer draacht troch de wrâld.
2 God ropt en stiet mei sterke krêft
fan al ús swakkens noed
Wês bliid, dat Hy ta 't hege doel
ús gongen fèst bestjoert;
dat elk fan ús, oer igge en grins
syn takomst skôgje mocht,
dêr't alle minsken bruorren binne
yn 't iene godlik ljocht.
Sjonge: Gesang 474: 1 en 2
God ropt en stiet mei sterke krêft
fan al ús swakkens noed
Wês bliid, dat Hy ta 't hege doel
ús gongen fèst bestjoert;
dat elk fan ús, oer igge en grins
syn takomst skôgje mocht,
dêr't alle minsken bruorren binne
yn 't iene godlik ljocht.
Gebeden
Sjonge: Gesang 473: 1, 2, 7 en 10
2 Nim myn hannen, jou se macht
ta jo wurk by dei en nacht.
Nim myn fuotten, dat se stil
gean de wegen fan jo wil.
1 Nim myn libben, lit it, Hear,
tawijd wêze oan jo ear.
Nim myn oeren en myn tiid,
dat ik foar it goede striid.
10 Nim myn leafde alhiel, o God,
wês har heechste en djoerste skat.
Wat ik bin en wat ik ha
bring ik nei jo alter ta.
7 Nim, o Treaster, ek myn smert.
Jo ferachtsje ús triennen net.
Stean my yn myn swakkens by,
dat ik krêft fan Jo wer krij.
Sprutsen
Set myn hert yn fjoer en flam,
kom en haw my leaf.
Abba, Heit, ik bin fan JO,
bern fan Jo, myn Hear.
Sjonge: Liet 886
Abba, Heit, ik bin fan Jo,
bern fan Jo, myn Hear. Jou dat ik mei siel en sin
my nei Jo ta kear.
Kollekte (Bernlef spilet)
De hill’ge Geast, it ivich Ljocht fan God,
sil Kristus’folk yn alle wierheid liede.
Hy jout har krêft by alle skimp en spot en sil yn ivichheid net fan har skiede.
Hy bliuwt yn leafde_oant op é jongste dei
Gods tsjerke nei.
Liet ta einbeslút: Gesang 304: 1 en 3
De hear is trou, syn plannen binne wis,
Hy kiest wa’t sines binne,_en ropt harnamme.
Dy’t wit wat no en yn ‘e takomst is,
Hy hâldt syn wurd en lit gjinien beskamme; en de_ieuwen troch fiert Hy syn plannen út
nei fêst beslút.