PKN
Protestantske Tsjerke Noardburgum
 

zondag 22 oktober 2023 om 09:30 uur

Eredienst in het Frysk
Voorganger(s): Ds. W. Feenstra uit Twijzelerheide onze eigen predikant
Organist: Jaap Smid

OARDER fan TSJINST
foar snein 22 oktober 2023
om 9.30 oere yn ‘e Protestantske tsjerke
fan Noardburgum


foargonger: dûmny Wybe Feenstra
oargelist: Jaap Smid



TARIEDING

Sjonge foar de tsjinst: Liet 799: 1 en 2

Kom, bern, net langer wachtsje,
de jûntiid is neiby.
Wy wolle net oernachtsje
yn dizze woestenij.
Oerein en gryp wer moed
nei d’ivichheid te stribjen,
fan krêft nei krêft te libjen.
Úteinlik wurdt ik goed.

It sil ús net berouwe
en gean de smelle wei.
Wol op de Hear betrouwe,
Hysels giet ommers mei.
Oerein en folgje Him,
Hy hat de reis ek weage,
dat rjochtsje hert en eagen
fêst op Jeruzalim. 

Wolkom en meidielings

Sjonge: Lied 216

Dit is in moarntiid as oait de earste.
’t Liet fan ‘e klyster makket God grut.
Tank foar it sjongen, tank foar de moarntiid,
beide ûntspringe nij oan it wurd.

Dauwe oer de ierde, sinne fan boppen,
hearlike hôftún, rook fan alear.
Tank foar de beammen, blommen en fruchten,
al wa’t hjir omrint, moetet de Hear.

Dei fan myn libben, ljocht foar myn eagen,
ljocht dat al fonk’le dêr’t Eden lei.
Priizgje-yn ‘e moarntiid God foar syn skepping,
priizgje bliidmoedich syn nije dei. 

Bemoediging
Foarg.:     Ús Helper is de Heare,
Gemeente: Dy’t himel en ierde makke hat,
Foarg.:       Dy’t trou is oant yn ivichheid
Gemeente:  en it wurk fan Syn hannen fêsthaldt.

Groetnis
Foarg.:      De frede fan God is mei jo en jimme,
Gemeente: en ek met jo.
 
Drompelgebed  (Liet 295: 1;  troch de foargonger)
Wês hjir oanwêzich, wurd dat ús jûn is.
God yn ús libben, takomst fan frede,
wês hjir oanwêzich.
Mei Jo wil barre, jo Keninkryk komme,
sjoch ús, fernear ús, lit ús net falle.
Amen.

Kyriegebed

GlorialietLiet 218: 1, 2 en 3

Tank Hear, foar dizze nije moarntiid,
tank Hear, foar dizze nije dei,
tank Hear, dat ik mei al myn soargen
by Jo komme mei.

Tank Hear, foar dizze moaie ierde,
tank Hear, foar skaad en sinneblink,
tank Hear, dat Jo ús hoedzje-en liede,
krêft dy’t libben bringt.

Tank Hear, foar fûgels mei har lieten,
tank Hear, foar elke beam yn bloei,
tank Hear, foar al it blier genietsjen,
tank Hear, dat ik groei.
 

WURD

Gebed fan de snein

Skriftlêzing: Mattéus 13: 24-30; 36-43

Sjonge: Liet 765

Jo struiden de minsken oer de-ierde
wiid-út en mei golle hân.
De rein en de sinne folfierden
jo plan foar de rsiping op ’t lân. 

Yn dizze ferheftige maaie
ferriist hiel de wrâld út ‘e dea,
it ûnkrûd sjit op mei de raaien;
wa skiftet it goede fan ’t kwea? 

En wa wit wat min is of better?
Gjinien dy’t it ûnderskied sjocht.
Jo rein jout oan beide syn wetter,
jo sinne oan beide syn ljocht.

Wy binne it sied fan jo ikker.
Wy sliepten, mar Jo haww’ ús fûn.
Jo stim koe ús sliepend berikke
En roppe-út ‘e tsjustere grûn.

Wy groeie de ierde te boppe
en rypje yn waar en yn wyn
oant Jo aanst de arbeiders roppe,
dy helje oan skeaven ús yn.

As Jo ús dan bringe-yn jo skuorren
dy deis fan it ivige hjoed,
lit ús dan it terskjen ferduorje
by ’t skieden fan ’t kwea en it goed.

Preek

Sjonge: Liet 827  

Minsken, wy binne roppen om te libjen!
Heech is de himel boppe ús ferstân
en ûnder ús, toaniel fan al ús stribjen,
de goede grûn, it griene memmelân.

God is ús Heit, ús takomst en ús frede,
Hy is it ljocht fier foar ús dagen út.
De hiele wrâld bestiet troch syn genede,
Hy joech de ierde en Hy jout de tiid.

Abraham mocht as earste-it wurd ûtfange,
dat as in sied ûntsprute yn syn sied,
en altyd hat it nei de takomst lange
wannear’t de risping op ‘e fjilden stiet.

Wy meie bern fan syn belofte wêze,
bern fan ‘e dei dy’t ienris komme sil.
Dan sil de Soan, de sinne, ús genêze,
dy moarntiid dy’t fan rjocht en frede tilt.

ANTWURD

Tankgebed -foarbeaen – stil gebed- ús Heit (sjonge)

God fan fier en hein ús Heit,
dat wy hilligje jo namme,
ûnder ús sa faak ûntwijd,
troch jo eigen bern beskamme.

Bûch de folken nei jo wet,
Lit jo ryk op ierde komme.
Byn jo wil ús op it hert
en wy sykhelje ferromme.

Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou wat wy misdiene,
sa’t ek wy ferjûn ha, Hear,
al dy’t skuldich foar ús stiene.

Lit oer ús gjin neare nacht,
lied ús net yn blyn begearen.
Binne wy yn duvelsk macht,
Hear, ferlos ús fan ‘e kweade.

God fan fier en hein ús Heit,
wûnder heimnis is jo namme,
grut yn krêft en hearlikheid,
oant yn alle tiden.  Amen.
(tekst: Eppie Dam; muzyk: Hindrik van der Meer)

Kollekte

Sjonge: Liet 425

Wy gean mei jo segen bliermoedich ús wegen,
jo wurd fan omhegen joech ús nije moed.
Hy dy’t ús behâld is, it ljocht fan ‘e wrâld is,
wol waarmje wat kâld is mei syn leafdegloed.
Wat Kristus ús learde is sied ta bekearing,
Wy siedzje-it op ierde en wachtsje-op wat komt.
En ûnder de hoede fan Him dy’t ús stjoerde
sill’ leafde en goedens aanst dije rûnom.   

Sinding en segen
 

terug
 
Contact

meer
 
 
  Protestantsekerk.net is een samenwerking tussen de dienstenorganisatie van de Protestantse Kerk in Nederland en Human Content Mediaproducties B.V.