PKN
Protestantske Tsjerke Noardburgum
 
Een bijzondere geschiedenis Een bijzondere geschiedenis

Onze kerk heeft een bijzondere geschiedenis.
Noardburgum is van oudsher een arme streek en had oorspronkelijk geen eigen kerkelijke gemeente.

Dorpsgenoot en gemeentelid Durk van der Ploeg (bekend als schrijver en dichter van Fryske boeken en literatuur) vertelt hoe Noardburgum aan zijn kerk kwam.     

Oer it ûntstean fan de tsjerke op Noardburgum

It feitlike begjin
De skiednis fan de Nederlânske Herfoarme tsjerke fan Noardburgum – dy’t yn 2007 mei de Grifformearde tsjerke fan Noardburgum opgien is yn de Protestanske tsjerke – begjint feitlik al yn 1846. Op de tsiende maaie fan dat jier doopte ds. Horatius Nieubuur Ferf fan Burgum yn it skoallokaal fan it Earmhûs twaentritich bern, dy’t allegearre fan ’e Burgumerheide kamen. En dat wiene gjin lytse bern mear, mar guon dy’t al in jier of trije kategisaasjelessen hân hiene fan ds. Nieubuur Ferf. 

It wie al wat ryklik let, mar yn it ramt fan it ûnginningswurk, dat doe op gong drige te kommen, ûntferme dizze sielehoeder – sûnt 1806 ferbûn oan de Krústsjerke fan Burgum – him ek oer de befolking fan ’e Burgumerheide. Dy kategisaasjelessen waarden jûn yn it Earmhûs oan de Earmhústerreed (no klompmakkerij Scherjon oan de Dokter Ypeijloane). Dizze dûmny wie it jongste al ôf, mar hy hie yn 1843 dochs mar it ynisjatyf nommen om de ferwyldere jeugd fan de Burgumerheide wat by te bringen.

De bou en it multyfunksjonele gebrûk fan it Earmhûs
Feitlik is it hiele ferhaal begûn mei it bouwen fan it Earmhûs yn 1843. Want dêryn waarden net allinne earmen en behoeftigen opnommen, der kaam ek in romte yn dy’t brûkt wurde koe as skoallokaal. Der wie yn dy tiid op ’e Burgumerheide gjin skoalle en gjin tsjerke, der wie hielendal neat. En dat koe ds. Nieubuur Ferf – dy’t njonken dûmny ek skoalopsjenner wie – net oansjen.

Sa krige Burgumerheide yn 1843, neist in ûnderkommen foar de earmen, ek in romte dy’t as skoallelokaal brûkt wurde koe. It wie mar ien lokaal, en dêryn moasten sa’n hûnderttachtich learlingen les krije. En dat mei mar ien master! Yn datselde lokaal hâlde ds. Nieubuur Ferf ek bibeloefeningen foar grutten. Dat die er njonken it kategetysk ûnderwiis oan de bern. Dy bern foarmen trije jier letter, as dopelingen, it begjin fan wat binnen inkelde jierren útgroeie soe ta de Nederlânske Herfoarme tsjerke fan Burgumerheide.

De beneaming fan in helppreker 
It wurk fan ds. Nieubuur Ferf wurp syn fruchten ôf, want der wie in soad belangstelling foar de kategisaasjelessen en bibeloefeningen yn it Earmhûs. Mar foar in man op jierren wie al dat wurk net nei te kommen. Dêrom waard yn 1845 út de Herfoarme Gemeente fan Burgum wei besletten om in helppreker te beneamen.

Dat betsjutte net daliks, dat dermei ek in tsjerke en in gemeente op Burgumerheide stichte wurde moast. De helppreker moast beneamd wurde troch de Herfoarme Gemeente fan Burgum, en soe wurkje ûnder tafersjoch fan de tsjerkeried fan Burgum. Hy krige Burgumerheide as syn wurkfjild. Dy helppreker waard Ulbo Wilhelmus Thoden van Velzen. Yn 1815 berne te Aldtsjerk, en ôfkomstich út in Eastfrysk dûmnyslaach. Syn heit wie dûmny te Aldtsjerk en kaam út Risum, dat yn ’e buert fan Emden leit.

Gjin sneinske klean
Mar ds. Nieubuur Ferf seach de bui hingjen. Earst in helppreker, en dêrnei in tsjerke mei in eigen dûmny. Dat wie him mar min nei ’t sin. Hy achte it net ferstânnich dat der op Burgumerheide in tsjerke kaam.

Nieubuur Ferf woe it leechdrompelich hâlde mei Earmhúspreken en bibeloefeningen, om’t er bang wie dat de Heidsjers weibliuwe soene as der in offisjele tsjerke kaam. Want dêr moasten de minsken kreas yn ’e klean ferskine. En dat wie no krekt it euvel. De Heidsjers doarsten ommers ek net yn Feanwâlden of Burgum nei tsjerke, om’t se gjin sneinske klean hiene. En dêrom kamen se der hielendal net. Mar Burgum sette de beneaming fan in helppreker dochs troch, lykas ek it plan om in eigen gemeente foar de Heide.

Aksje foar in eigen tsjerkegebou
Der siet wol fjoer yn de krekt te Grins ofstudearre Thoden van Velzen. En hy pakte de saak breed oan. Yn 1846 publisearret er twa flamjende stikken yn de liberale Provinciale Friesche Courant fan 21 en 28 juny. Stikken dy’t de redaksje op de foarpagina pleatste. Yn dy stikken skriuwt ds. Thoden van Velzen, dat it breanedich is dat Burgumerheide in eigen tsjerkegebou kriget.

Hy skriuwt: dat likernôch tûzen nei lichem en geast ferwaarloazge minsken, dy’t yn amper bewenbere hutten libje, in needlijend bestean hawwe. In Bibel of in Testamint hawwe se net, likmin as klean om har fatsoenlik te klaaien. Hy beslút it stik, mei te fertellen dat der yn it Earmhûs preke wurdt, mar dat it dêr in behyplike boel is. Dêrom rôp er elk op dy’t wat jaan woe, jild te skinken foar it ta stân bringen fan in eigen tsjerkegebou foar Burgumerheide.

Mar dat foel ferkeard by in persoan dy’t, hast in jier letter, in net ûndertekene artikel skreau yn it Algemeen Handelsblad fan 10 juny 1847, mei as titel ‘Bergumer heide’. Dêryn frege de skriuwer him ferbaasd ôf, hoe’t immen it yn ’e holle helje doarst en hingje, mei it publisearjen fan sa’n iepenhertich stik yn in lanlike krante, de smoarge wask fan de heidebewenners bûten. De skriuwer seit boppedat, dat de feiten yn it stik fan Thoden van Velzen net klopje. Der soene gjin tûzen, mar miskien fiifhûndert minsken wêze dy’t it wat minder hiene. Der soene mar inkelde hutten wêze, mei’t de measten yn knappe huzen wenje mei kreas oanharke túntsjes.

Fierders stie der yn it stik, dat ûnderwiis en pastorale soarch folle better ta har rjocht kamen sûnt it Earmhûs der wie. Mei oare wurden, in eigen tsjerkegebou op Burgumerheide wie hielendal net nedich. Yn de Leeuwarder Courant fan 22 juny 1847 antwurde helppreker ds. Thoden van Velzen mei in ferwar, dêr’t earst de geastlike en maatskiplike neden fan ’e Burgumerheide helder yn werjûn wurde. Fierders skriuwt er:

‘Het tegenwoordige locaal tot godsdienst is ongeschikt en moet door een beter vervangen worden. De benaauwdheid der school doet sommigen onder de godsdienst vertrekken, schrikt anderen af; en na den afloop klagen velen over hoofdpijn.  De stichting wordt voortdurend weggenomen door stoornis, vooral door kinderen in belendende vertrekken. De Armvader moet dikwijls, tot herhaalde malen toe, het kerklocaal verlaten, om de onordelijkheden te doen zwijgen. De opgehoopte bevolking van 180 menschen veroorzaakt ook des Zondags een niet geringe drukte, en deze neemt de godsdienstige stemming weg. Wederkeerig veroorzaken godsdienstoefening en schoolonderwijs een drukkende last aan het gesticht. Er moet een voldoend locaal zijn voor beide, wat beteekenen anders het vast hulppredikantenschap en het schoolonderwijzerschap? Het tegenwoordig locaal is slechts tijdelijk afgestaan, en in geval van besmettelijke ziekte, of diergelijk in het gesticht, hetgeen zoo ligt bij zoo groote bevolking kan plaats hebben, zou het afschrikken en de godsdienstoefening doen staken. Er is wegens dit alles een kerk en ook een nieuwe school noodig.’

Praktysk kristendom
Ds. Thoden van Velzen wie fan de Grinzer rjochting. Dy rjochting wie ûndogmatysk, en anti-konfessioneel. Dêrom hantearre se de leuze: ‘Net de lear, mar de Hear’. It lei de klam op in praktysk kristendom, en út dat eachpunt waard de tsjerke sjoen as in helper yn need. En wat Burgumerheide oanbelange, it Evangeelje moast nei de minsken brocht wurde. Dat wol sizze: Burgumerheide moast sels in eigen tsjerke ha. ‘Want,’ sa skreau de jonge helppreker: ‘het is vooral de toestand der menschen, die hier een eigen kerkgebouw vordert, zullen armen en vergetenen gewonnen worden; het Evangelie moet hun nabij worden gebracht. De armoede heeft geen moed, men moet zelf haar te gemoet komen. Zij moet niet achteraf worden geplaatst, gelijk dit in aanzienlijke gemeenten zoo dikwijls het geval is.’ 

De aksje fan de jonge helppreker die fertuten. Troch publikaasjes yn ferskillende kranten wie Burgumerheide aardich yn it nijs kommen. Underwilens wie der út de Herfoarme Tsjerke fan Burgum wei in kommisje foarme om te kommen ta de bou fan in tsjerke en in pastorij op Burgumerheide. Yn ’e maitiid fan 1847 sirkulearren rûnom yn Fryslân listen foar it ynsammeljen fan jild foar it bouwen fan in tsjerkegebou. Yn de Leeuwarder Courant fan 20 jannewaris 1851 fine wy in ferantwurding oer in lêste part fan dy ynsamling, dy’t in bedrach fan ƒ 1805,13½ opbrocht hie.

Wat fral meispile wiene de aktiviteiten yn it Earmhûs, yn oparbeidzjen mei it Earmbestjoer fan Burgum. Boppedat waarden, troch it krewearjen fan dr. Nicolaas Ypeij, grutte stikken heide oankocht en omtsjoend ta bou- en greidlân. Dat ûntginningswurk smiet tydlik in protte wurk op. It wie even een bloeitiid foar de heidestreek, dêr’t jierrenlang allinne plak wie foar minsken dy’t oan de ferpaupering oerlitten waarden. Ynienen gloare der hope, en yn dy hope krige de opbou fan in tsjerke kânsen.

 

De bou fan de pastorij en tsjerke 
Yn ’e rin fan 1849 waard de pastorij boud. 

 

Dizze foto is makke yn 1906.

It is de âldste foto dy't wy fine koene fan 'e oarspronklike Pastorije.

 

 

                    
Op 8 maaie 1850 koe de bou fan in tsjerke oanbestege wurde. Seis wike letter, mocht Age Looxma Ypeij de earste stien lizze foar it godshûs. En sân moanne dêrnei, op 19 jannewaris 1851, koe in ienfâldich tsjerkegebou yn gebrûk nommen wurde, mei in feestrede fan ds. Ulbo Wilhelmus Thoden van Velzen. Dêryn spriek er nei oanlieding fan Iepenbieringen 21: 22a. ‘En ik zag geen tempel in dezelve.’ En lykas preken doe meastentiids út trije punten bestiene, sa fêstige ds. Thoden van Velzen de oandacht op de folgjende trije punten:
  1. Vroeger zagen wij hier geen tempel, en wij verlangden met smarte er een te bezitten.
  2. Thans zien wij hier een tempel, en velen verheugen zich dankend met ons.
  3. Eens hopen wij geen tempel meer te aanschouwen, opdat God ons zalig verblijde. 
 De tsjerke fan Noardburgum hat oant 1880 ta ûnderdiel west fan de Herfoarme tsjerke fan Burgum. Dêrnei waard se selsstannich.

Oer it karakter fan de tsjerke
De Nederlânske Herfoarme Tsjerke fan Noardburgum hat fanâlds in oar karakter as dy fan de Westereen en dy fan Twizelerheide. Dat sit him deryn, op ’e Westereen en te Twizelerheide binne de tsjerken ûntstien út it evangelisaasjewurk. De tsjerke op Noardburgum ûnstie út de Nederlânske Herfoarme Gemeente fan Burgum. Dêr hat ds. Nieubuur Ferf 42 jier de septer swaaid. En Nieubuur Ferf wie net in man dy’t him fan kant reagje liet. Hy hat troch de jierren hinne hiel dúdlik in stimpel fan frijsinnigens set op de gemeente fan Burgum. En mei ds. Thoden van Velzen en de doe hearskjende Grinzer Rjochting, krige Noardburgum dêr fan begjinôf wat fan mei. Ds. Nieubuur Ferf is yn 1848 mei emeritaat gien. Dat hy hat net mear in aktive rol spile by it ûntstean fan de tsjerke op Noardburgum. En dat wie ek mar goed.

Ien en oar wol net sizze dat it evangelisaasjewurk oan Noardburgum foarby gien is. Wy witte dat yn 1885 hjir in Johannes Broersma mei evangelisaasje begûn is. Faaks as in reaksje op de rjochting dêr’t de herfoarmen mei ds. Thoden van Velzen foar keazen hiene. Dat evangelisaasjewurk hat der ta laat dat Noardburgum in Baptiste Gemeente krige. Noch wer letter – yn 1939 – kaam der in Grifformearde Tsjerke, dy’t yn 1945, mei de frijmakking útinoar gien binne as Grifformearden synodaal en Grifformearden vrijgemaakt. De Grifformearden binne yn 2007 fusearre mei de herfoarmen, dêr’t se har goed 150 jier earder fan losmakke hiene, en foarmje no de Protestanske Tsjerke Noardburgum.

Dichterlike kwaliteiten
Ds. Ulbo Wilhelmus Thoden van Velzen, (yn syn geskriften neamde er him Ubbo Wilhelm)  wie net de earste de bêste. It wie in man mei dichterlike kwaliteiten. Mar ek op it gebiet fan oersetten hat er hiel wat út ’e wei set. Sa hat er in Nederlânske oersetting makke fan de Divina Commedia, fan de Midsieuske Florentijnske dichter Alighieri Dante. Dy oersetting is yn 1875 yn trije dielen ferskynd by útjouwerij A. Jongbloed te Ljouwert. Fierders skreau er Lourier en Olijf, in bondel godstsjinstige gedichten. As kategeet ferskynde fan syn hân Gods leiding met het menschdom en in Vraagboekje over de geschiedenis van het Godsrijk.

Thoden van Velzen mocht graach reizgje. Hy wie in man dy’t wat fan de wrâld sjen woe, en dêr skreau er graach oer. Sa ferskynden fan him Twintig dagen aan de oevers van Maas en Rijn [1855]; Alpenreis [1862], dat in reis beskriuwt troch Bohemen, Beieren, Eastenryk en Switserlân; en Zes weken in het Noorden [1867], ferslach fan in reis troch Scandinavië. Ds. Thoden van Velzen hat tsien boeken en boekjes skreaun, dêrnjonken in tal brosjueres, en mannich artikel.


Skriuwer: Durk van der Ploeg.

terug
 
 

Gedachtenisdienst
datum en tijdstip 24-11-2024 om 09:30 uur
meer details

 
Contact

meer
 
 
  Protestantsekerk.net is een samenwerking tussen de dienstenorganisatie van de Protestantse Kerk in Nederland en Human Content Mediaproducties B.V.